Gedonder tsjin De Donger Doe’t Harns
der noch net wie en dus ek gjin Feriening foar de Waadsee, waard
benoarden Dokkum troch in ploechje minsken in terpke opsmiten. Dan kinne
we in bytsje droech sitte tochten se. Fansels hiene se folle better nei
it waarmere suden ta gean kinnen, mar dat docht er no efkes net ta. De
minsken wennen nei tefredenheid op harren terpke en doet de Waadsee him
hieltyd mear weromluts koe de fruchtbere grûn om it terpke hinne brûkt
wurde foar ikkerbou: nôt, mar ek jerappels, sipels en woartels waaksten
rûnom ryklik . En simmerdeis hiene se it der drok mei. Ploechje, siedzje,
skoffelje en by eintsjebeslút de rispinge. Winterdeis hienen de lju
lykwols net folle te dwaan, seker neidat de baarch slachte wie, wie der
suver hast gjin wurk mear en wie it wachtsjen wer op de nije simmer. De
winterjûnen wiene lang en as de stoarmen it kearsljocht net dôven,
sieten de minsken deun byinoar op it terpke. Om wat ferdivedaasje te
hawwen dienen se spultsjes. Se dominearen in soad mar der waard ek in
protte damd. Gewoan Hollânsk, mar ek wol ‘earst kwyt’. Ieuwen en ieuwen
lang fermakken de minsken op it terpke harren winterdeis dêrmei en it
libben wie goed. . . Oant op in dei –it sil healwei de njoggentjinde
ieuw west ha- der en nije dûmny kaam. Fol fjoer ferkundige hy sneins it
evangeelje mar hy learde de minsken ek in nij spultsje. Sels hie er it
yn syn studintetiid yn Leiden leard en om ‘t er it graach dwaan mocht
moast er sjen tsjinstanners te krijen. Dat koe net oars dan troch de
minsken op it terpke ek it skaken te learen, want oer dat spultsje hawwe
wy it. En nuver wie it, mar it die al gau bliken dat de terpbewenners
aardichheid hiene oan it gesko mei kening, lopers, hynders, tuorren en
pionnen. Ek neidat dûmny allang wer nei it westen weromkeard wie – hy
krige op it terpke al gau lêst fan ‘delslachtigens’ en hy skreau
swartgallige ferskes- bleaunen de minsken op it terpke skaken. Sa gau se
jûns de hutspot op hienen kaam it skaakboerd foar it ljocht en ta de
nacht út bestookten se inoar mei alderhande iepenings farianten en
einspulteoryen. En it duorre net lang of it wie rûnom bekend dat dêr op
dat terpke benoarden Dokkum, middenmank de slinken fan de waadsee de lju
omraak skake koene. Troch de jierren hinne is dat sa bleaun ek al binne
de terpbewenners –it hjit der no Brandgum- opnommen yn de ‘vaart der
volkeren’. Ofrûne freedtejûn hawwe de fertsjinwurdigers fan Westergoo út
Boalsert dat merkbite kinnen. Harm-Jan Dijkstra wie de ienige dy’t in
partij winnen koe. Siebe de Jong spile kamp, mar alle oaren (Mark
Masmeijer, André Buter, Fokke de Boer, Taeke Bergsma, Hidde Sinia en Jos
Dölle) moasten beliis jaan. Der stie net folle mear op it spul, mar dat
it doarp de stêd sa te fiter nimt, dat docht dochs wol in bytsje sear.
De Donger I-Westergoo I: 6.5-1.5 |